Gaslekdyk by Raerd wer skjin

Gaslek Raerd © Alex Zwart, hvnieuws.nl
De Hegedyk by Raerd is wer skjin, mar de dyk bliuwt de kommende twa dagen noch ôfsletten foar it ferkear. De dyk waard woansdei ôfsletten nei in lekkaazje yn in gastransportlieding.
De lekkaazje ûntstie woansdeitemoarn om kertier oer achten. Binnen it oere tiid hie Vermillion de druk fan de lieding en wie de lekkaazje ûnder kontrôle. De direkte omjouwing rekke fersmoarge troch in mingsel fan produksjewetter en oalje-achtige floeistoffen. Tongersdei is de sleat skjinmakke en freed sil it lân skjinmakke wurde.
Oer de oarsaak fan de lekkaazje is noch gjin dúdlikens. Vermillion ferwachtet ein febrewaris de útkomsten fan it ûndersyk bekend te meitsjen.