Weropbou tsjerke noch ûnwis

Clemens-tsjerke © Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
It is noch ûnwis oft de Sint Clemenstsjerke op It Amelân werboud wurde sil. Wol sille de bûtenmuorren, dy't noch oerein stean, skoarre wurde. Dat seit wurdfierder Draisma fan it bisdom Ljouwert-Grins. Der wurdt noch wachte op de skearapporten fan de fersekeringsminsken. De tsjerke is woansdei ûndersocht. It giet om in miljoeneskea, sa is wol dúdlik.
Ofrûne tiisdeitemoarn is de roomske tsjerke yn Nes folslein útbaarnd. Freed giet biskop De Korte nei It Amelân om de ôfbaarnde tsjerke te besjen en te praten mei de minsken fan de parochy.