Bisten yn beslach naam

07 feb 2013 - 14:32

De plysje hat tongersdei fjouwer hynders en in hingbúkswyn yn beslach naam oan it West yn Stynsgea. Dat barde by in kontrôle, neidat ein ferline jier op itselde plak ek al fjirtjin hynders en ponnys yn beslach naam binne.

Op 'e nij waarden no de bisten yn suterige omstannichheden oantroffen. De 75-jierrige bewenner is oanholden.

Trefwurden: 
bisten Stynsgea fertutearze
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)