Oername Ljouwerter wer útsteld

De oername fan de NDC Mediagroep, útjouwer fan ûnder oare de Ljouwerter krante, hat op 'e nij fertraging oprûn. De trije belutsen partijen, FB Oranjewoud, de ING bank en stichting Je Maintiendrai, hoopje de kommende dagen noch oerienstimming te berikken. Mar wis is dat net. Dat seit Jorrit Volkers fan FB Oranjewoud dat in mearderheid yn NDC Media krije moat.
Neffens Volkers sit it fêst op de opstelling fan húsbankier ING. Dy stelt tefolle betingsten oan de finansiering fan it bedriuw yn de kommende jierren.
Volkers neamt de opstelling fan ING 'frustrearjend'. Fanwege it útbliuwen fan in oerienkomst binne gearkomsten mei it personiel tongersdeitemiddei ôfsein. In akkoart oer de oername fan NDC Media soe earst op snein 3 febrewaris tekene wurde en dêrnei op woansdei 6 febrewaris. De trije oandielhâlders yn dat akkoart wurde FB Oranjewoud mei 51%, húsbankier ING mei 33 % en de âlde grutoandielhâlder Je Maintiendrai mei 16%. De partijen prate de kommende dagen fierder. As de deal net trochgiet, komt de NDC Mediagroep mooglik op 'e nij yn de ferkeap.