Ljouwert rommet graffity op
De gemeente Ljouwert hat in bedriuw ynskeakele om graffity fuort te heljen. Eigeners fan winkels en wenhuzen kinne harren oanmelde by de gemeente en dy hellet de spuiterij fergees fuort. It skjinmakwurk is al úteinset. Yn maart komme der in pear strjitten by: it Saailân, de Weaze, de Poststrjitte en de Heerestrjitte.
De skjinmakkerij kostet 20.000 euro. In diel dêrfan wurdt betelle troch wenningkorporaasjes Elkien en WoonFriesland.