Buorman mei dea bedrige
De plysje hat ôfrûne nacht yn Akkrum in 48-jierrige man út dat plak oanhâlden, omdat er syn buorman mei de dea bedrige hie. De beide manlju hiene rûzje krige. It is noch net dúdlik wêroer.
It slachtoffer belle de plysje. De fertochte is yn de sel set yn ôfwachting fan it plysje-ûndersyk.