Fernieler yn Froubuorren pakt

07 feb 2013 - 10:53

Yn Froubuorren is woansdeitejûn in 59-jierrige man út de gemeente Ljouwerteradiel oanhâlden yn ferbân mei fernielings. De man hie ferskate ruten fan in wenhûs oan de Klaine Izakstrjitte ynslein.

Plysjeminsken troffen de man oan by de wente. Hy fersette him tsjin syn oanhâlding en bedrige de plysjeminsken. De man is meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
ferniele Froubuorren
(advertinsje)