Fytster oanriden yn Ljouwert

In 43-jierrige frou út Ljouwert is woansdeitemiddei ferwûne rekke doe't se op 'e fyts oanriden waard troch in auto. De frou fytste yn de wyk Westeinde tegearre mei har dochter. Op de Douwe Kalmawei waarden de twa ynhelle troch in auto dy't de frou by it wer nei rjochts gean rekke.
De 33-jierrige autobestjoerster ferklearre dat se ferbline wie troch de leechsteande sinne en de frou net sjoen hie. De ferwûne fytster is oerbrocht nei it sikehûs.