Plan foar evangelyske skoalle

07 feb 2013 - 09:54

De Stichting Evangelische Basisschool Drachten hat formeel de gemeenteried fan Smellingerlân frege om in evangelyske skoalle op te nimmen yn it plan fan skoallen. It stiftingsbestjoer wol safolle mooglik yntinsjeferklearrings sammelje fan âlden dy't belangstelling hawwe foar de skoalle.

Ut in helberensûndersyk die al bliken dat it mooglik is om yn Drachten in evangelyske skoalle op te setten. De inisjatyfnimmers hoopje dat de skoalle begjin 2014 los kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)