Groote langer by SnitsWytSwart
Trainer Johan Groote en Snits Wyt Swart binne it dit wykein iens wurden oer kontraktferlinging. Groote is ek it kommende seizoen haadtrainer by de Snitsers, mei de opsje foar noch in seizoen.
Groote docht it op it stuit knap yn de haadklasse C mei in hast folslein nij en jong team. In oantal fan dizze spilers komt út de eigen jeugdoplieding.