80 man yn sel foar goed doel

06 feb 2013 - 22:45

In groep van 80 minsken wol him ein april 24 oeren opslute litte yn de âlde finzenis yn Ljouwert, de Blokhúspoarte. Doel is om sa op syn minst 10.000 euro op te heljen foar Fier Fryslân. Dat is in organisaasje dy't slachtoffers helpt fan seksueel en húslik geweld. Der wurde noch frijwilligers socht dy't meidwaan wolle. Dy kinne har opjaan fia ynternet. De finzenen kinne yn de 24 oeren dat se yn de sel sitte, har iten keapje, of in bedrach donearje om efkes nei bûten te gean. Se meie ek oproppen dwaan foar donaasjes fia de sosjale media.

Op befrijingsdei moat de opbringst fan de aksje presintearre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)