Krityk yn PS op mediafûns

06 feb 2013 - 21:01

De ûnôfhinklikheid fan de Fryske media komt yn gefaar troch it nije Frysk mediafûns. Dy krityk utere de fraksje fan de PVV woansdeitejûn yn de mienskiplike steatekommisje boarger & mienskip en lân, loft & wetter. It mediafûns kin de kommende trije jier alle jierren 100.000 euro útjaan oan fernijende projekten fan kranten, sites en omroppen.

De PVV fynt it lykwols in grut beswier dat alle oanfragen earst nei deputearre steaten gean. Neffens de fraksje kin de provinsje him dêrmei minge yn de Fryske media en komt de ûnôfhinklikheid yn gefaar.

Kommissaris John Jorritsma is it hjir perfoarst net mei iens. Hy seit dat hy alle oanfragen fan Fryske media gewoan trochstjoere sil nei de noch oan te stellen advyskommisje. Allinnich as dy foarstellen dúdlik net oan de subsydzjebetingsten foldogge, wurde se tsjinhâlden. Jorritsma neamt dat in saak fan 'fertrouwen'. Hy ferwachtet dat it foarstel foar it nije fûns oer fjirtjin dagen mei in romme mearderheid oannommen wurdt troch de steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)