'Marwei stiet net faai'

06 feb 2013 - 20:46

Kommissaris fan de Keninginne John Jorritsma hat goeie hoop dat finzenis De Marwei yn Ljouwert iepenbliuwt. Jorritsma hat dêroer goeie sinjalen krigen fan de steatssikretaris fan feiligens en justysje, Fred Teeven. Jorritsma sei dat woansdei by in gearkomste fan provinsjale steaten.

De PVV hie in saneamde ynterpellaasje mei de kommissaris oanfrege, omdat de partij him soargen makket oer it ferdwinen fan ferskate rykstsjinsten út Ljouwert wei. Sa giet ûnder mear it Iepenbier Ministearje fan de Fryske haadstêd nei Grins ta.

Dat kostet Ljouwert sa'n 90 banen. Kommissaris Jorritsma is mei oaren drok dwaande mei in lobby rjochting De Haach, om it ferlies oan rykstsjinsten en oare wurkgelegenheid te beheinen. Ein maart of begjin april falt it beslút oer besunigings by de finzenissen yn Nederlân. 11 fan de 29 moatte ticht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)