Oarsaak brân noch ûnbekend

06 feb 2013 - 16:50

Der is noch neat bekend oer de oarsaak fan de brân dy't de katolike tsjerke fan Nes op It Amelân tiisdeitemoarn troffen hat. De hiele dei is der ûndersyk dien yn it ôfbaarnde gebou, dêr't allinnich de bûtenmuorren noch fan oerein stean. De brân ûntstie tiisdeitemoarn om kertier foar fiven. Op dat tiidstip giene swiere tongerbuien oer de provinsje en der waard dan ek tocht oan bliksemynslach. Dat is oant no ta noch net oantoand. De gemeente koe net oanjaan wannear't der mear nijs oer de oarsaak komt.

Trefwurden: 
Nes Clemenstsjerke
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)