Aksjes finzenissen gean troch

06 feb 2013 - 16:25

Meiwurkers fan de finzenissen yn it Noarden wolle de kommende tiid trochgean mei it fieren fan aksjes foar it iepenhâlden fan dy finzenissen. Ek wurdt besocht om Twadde Keamerleden nei it Noarden te heljen foar wurkbesites. In delegaasje fan de Noardelike finzenissen hat tiisdei it debat folge yn de keamerkommisje Wenjen en Rykstsjinsten. Dêr waard praat oer de takomst fan de rykstsjinsten yn it Noarden. De noardelike fertsjintwurdigers meitsje har noch hieltyd grutte soargen.

Sy hoopje dat Keamerleden mei moasjes komme, om de plannen fan steatssiktaris Fred Teeven te kearen. Hy soe de finzenissen yn Feanhuzen, Ter Apel en Hoogeveen slute wolle. De Marwei soe yn de plannen iepenbliuwe.

Trefwurden: 
finzenis Feanhuzen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)