Meitinkjûn oer âlde gebouwen

06 feb 2013 - 16:21

Yn poppoadium Romein yn Ljouwert wurdt woansdeitejûn praat oer de takomst fan de gebouwen yn de stêd dy't leech steane of yn de takomst leech komme te stean. De Kânselarij, it Filmhûs en de Beurs binne in pear fan dy gebouwen. Sloop is net oan de oarder by dy meast monumintale gebouwen. Mar it is de fraach wat je der al mei moatte. Op de saneamde 'meitinkjûn' wurdt dêr woansdeitejûn oer praat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)