Minsken yn bystân oan it wurk

06 feb 2013 - 15:50

Trettjin Fryske gemeenten binne woansdei yn gearwurking mei Empatec úteinset mei in nij projekt om minsken mei in bystânsútkearing sa gau mooglik oan it wurk te krijen. Se rinne dêrmei foarút op de plannen fan it kabinet. Dy wol de gemeenten dêr sels ferantwurdlik foar stelle. As minsken it wurk wegerje, kinne se koarte wurde op har útkearing of se kinne it sels ferlieze. Foardiel is der foaral foar de wurkjouwers en de gemeenten. It nije projekt is earst as pilot opset foar in jier. It doel is dat de dielnimmers úteinlik in echte baan fine.

Trefwurden: 
Empatec gemeenten bystân
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)