Beammen foarearst net kapt

06 feb 2013 - 15:10

De kap fan de 90 beammen by it spoar yn Camminghabuorren yn Ljouwert del giet foarearst net troch. Dat lit wethâlder Isabella Diks fan dy gemeente witte. De fergunning foar de kap is oanfrege troch ProRail, mar in diel fan de grûn is yn hannen fan Wetterskip Fryslân. De fergunning kloppet dêrtroch net. Wethâlder Diks seit dat it hiele trajekt wer fan foaren ôf oan dien wurde moat. Ek spoarbehearder ProRail wol foarearst de hiele beammekap útstelle fanwege alle komoasje yn Ljouwert.

Wol sil de spoarberhearder mei Wetterskip Fryslân om 'e tafel om te sjen oft der noch in fergunning komme kin. Der komt ynkoarten in wykjûn yn Camminghabuorren om te sjen watfoar mooglikheden der binne om eventueel opnij te plantsjen.

Trefwurden: 
beammen Camminghabuorren
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)