Frou ferwûne op Simmerdyk
Op de Simmerdyk by Hurdegaryp is woansdeitemiddei in frou ferwûne rekke neidat se mei de auto yn de sleat rekke wie. It ûngelok barde tsjin twaën. De frou siet beknypt yn de auto en is troch de brânwacht út de auto helle. Dêrnei is se mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehús brocht. Oer de oarsaak fan it ûngelok is noch neat bekend.