Húsdokter foar pasjintedossier

De Fryske húsdokters binne foar it nije elektroanyske pasjintedossier. Tiisdeitejûn wie der in stimming fan de lanlike húsdokterferiening. 16 fan de 23 ôfdielings stimden foar, wêrûnder de ôfdieling Fryslân. It elektroanyske pasjintedossier giet no fierder as lanlik skeakelpunt. De Fryske húsdokters binne wiis mei de ferbetterings op it privacymêd. Pasjinten hoege it skeakelpunt net beslist te brûken. De medyske gegevens gienne oant de lêste fjouwer konsulten. Dêrby is it dossier allinnich mei tastimming lanlik te besjen.
It nije elektroanyske dossier is 1 jannewaris yn gebrûk naam.