Alve tips yn saak-Heijltjes

06 feb 2013 - 10:59

De plysje hat alve tips binnenkrigen nei oanlieding fan de moard op Marijke Heijltjes yn Easterwâlde. De saak kaam tiisdeitejûn oan 'e oarder yn it TV-programma Opsporing Verzocht. De tips wurde woansdei analysearre. Fan belang yn de moard liket in mes te wêzen, al kin de plysje net sizze oft dat it moardwapen is. Oan de saak wurkje noch altyd 22 resjersjeurs. Marijke Heijltjes waard septimber ferline jier dea yn har hûs fûn. Foarige wike waard in man fan 37 frijlitten, it bewiis tsjin him wie te tin. Hy wurdt noch wol as fertochte beskôge.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)