2 ton foar Museum Belvédère

06 feb 2013 - 10:46

Museum Belvédère by It Hearrenfean krijt twa ton fan de BankGiro-lotterij. It museum sil it jild brûke foar ûnder oare de fernijing fan de museumwinkel en it ferbetterjen fan it depot. Mei in moaiere en gruttere museumwinkel hopet it museum mear jild te fertsjinjen.

Konservator Han Steenbrugge fan it museum is tige wiis mei de stipe fan de lotterij. Hy sjocht de tawizing fan it jild as erkenning foar it museum. Belvédère is ien fan de lytste museums dy't jild krijt fan de lotterij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)