Nachtwedstryd foar sporthûnen

18 des 2011 - 16:28

53 sporthûnen en tsjinsthûnen út hiel Nederlân diene sneontejûn mei oan in saneamde nachtwedstryd yn Ljouwert. Foaral herdershûnen wiene ynskreaun foar de wedstryd op it terrein fan hûneklup Frisiana.

De hûnen waarden test en beoardiele op moed en belêstberens. Op de rûte wie in 'oerfal', wêrby't de hûn yngripe moast. Hjirby waarden de hûnen wietmakke. De prizen giene nei in sporthûn út Barneveld en in tsjinsthûn út Spaarnwoude.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)