Gaslek by Raerd

06 feb 2013 - 08:17

Der is op dit stuit in gaslek by Raerd yn Boarnsterhim. It lek is flakby in gasstasjon oan de Hegedyk. Neffens de plysje spuitet it gas wol 10 oant 15 meter heech.
De brânwacht, de plysje en ek gasbehearder Enexis binne der hinne om it lek te tichtsjen. In oantal diken yn de buert fan it lek is ôfsletten: De Hegedyk, De Learewei en de Buorren.

Trefwurden: 
Boarnsterhim gaslek Raerd gas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)