Mêsten bliuwe stean

05 feb 2013 - 23:35

It kolleezje fan b. en w. fan Ljouwert wol de kwestje fan de heechspanningsmêsten boppe Goutum en de Ljouwerter wyk Suderbuorren by de Vereniging van Nederlandse Gemeenten oankaarte. It foarige kabinet woe yn gearwurking mei netbehearder TenneT de heechspanningsliedingen ûnder de grûn bringe.

Mar it hjoeddeistige kabinet hat hjir gjin jild foar, en is net fan doel om de plannen fierder út te fieren. De gemeente Ljouwert lit witte net bliid te wêzen mei de gong fan saken.   

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)