Ien punt Fryske kuorballers

© Omrop Fryslân
Fan de trije Fryske kuorbalploegen yn de sealhaadklasse koe allinne LDODK dit wykein in punt byskriuwe. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk waard it tsjin Vada 19-19. LDODK kaam op 3-0, mar hie it dêrnei dreech. It skot wie net goed en der waarden tefolle flaters makke. De hiele twadde helte moast de ploech fan Gerald Aukes yn de achterfolging. Krekt foar tiid foel de 19-19.
SCO ferlear sneontejûn mei 25-19 by koprinner OVVO yn Maarssen. Mid-Fryslân joech belies yn Wormer by Groen Geel: 26-17.