Kluphûs mei net brûkt wurde

Clemens-tsjerke © Omrop Fryslân, Henk te Biesebeek
De brân yn de Sint Clemenstsjerke yn Nes op It Amelân hat ek gefolgen foar de stifting Sosjaal Kultureel Wurk Amelân. It kluphûs fan de stifting kin troch de brân mar foar in part brûkt wurde.
Under oare de eastlike seal en de berging meie op it stuit net brûkt wurde. Dat is no noch te gefaarlik. Earst moat de westlike muorre fan de tsjerke stut wurde. De gemeente It Amelân hat hjiroer kontakt hân mei de Ryksmonumintetsjinst.