Proef plestik út ôffalstoffen

Kassen © Omrop Fryslân, Geale Groen
De proef wêrby't fan ôffalstoffen út de glêstúnbou plestik makke wurdt, krijt in subsydzje fan hast trijehûndert tûzen euro. It bedriuw KNN, dy't ferantwurdlik is foar de proef, krijt it jild fan projektburo A7Westergo. It bioplestik wat dêrnei ûntstiet is ûnder oare te brûken foar auto-ûnderdielen en foar bygelyks triedsjes oan in ballon. Dy komme nei it oplitten gauris yn de see telâne. It bioplestik kin folslein troch de natuer ôfbrutsen wurde. De proef set yn maart útein.