Frysk bedriuw rêdt mûne Israel

Mûneboubedriuw Bertus Dijkstra út Sleat sil in goed 150 jier âlde mûne út Israel restaurearje. It giet om in Ingelske mûne dy't yn de 19de ieu oan de stêd Jeruzalem jûn is. Ingelân woe hjirmei doe de earmoed yn de stêd oanpakke.
Yntusken is der net folle mear oer fan dizze mûne. In Nederlanner dy't yn Jeruzalem wie, seach dat en hy is dêrom mei in projekt úteinset om de mûne wer op te knappen. It doel fan it projekt is om mear dúdlik te meitsjen oer de skiednis fan Jeruzalem. Yn july takom jier moat de mûne klear wêze.
De Montefiore wynmûne jildt yn Jerusalem as yn byldbepalend gebou. Al te súksesfol wie de Ingelske mûne net, omdat it meastentiids net hurd genôch waait op it plak dêr't de mûne boud is.