Syksysteem foar huzeruil

05 feb 2013 - 11:02

Makelersferiening NVM en wenningsite Funda binne in proef begûn mei in syksysteem foar huzeruil. It is in inisjatyf fan makeler Sierd Moll fan De Gordyk. Fia de website funda.nl kinne minsken sykje nei ruilwenningen. Makelers hâlde by foar hokker huzen belangstelling is en bringe dêrnei minsken meielkoar yn kontakt. Op dit stuit dogge 150 NVM-makelers yn seis regio's mei oan de proef. Fryslân is dêr ien fan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)