DS: Fryslân net yn lânsdiel

Deputearre Tineke Schokker sil mei minister Plasterk prate oer it gearfoegjen fan provinsjes ta lânsdielen. It kabinet hat plannen foar fiif lânsdielen yn it regearakkoart oankundige.
Fryslân sil him dêr op alle mooglike wizen tsjin fersette. Dat hat deputearre Schokker nochris yn in brief oan de steaten witte litten. De Fryske boargers wurde optimaal betsjinne mei in provinsjaal bestjoer op Fryske skaal, sa skriuwt de provinsje. It petear sil yn de moannen maart/april plakfine.