Peazemer ferwûne by ûngelok

18 des 2011 - 14:58

De plysje hat sneon in iensidich ûngelok ûndersocht yn Peazens. In man út Moddergat wie op de Orneawei de macht oer it stjoer kwytrekke by it ynheljen fan in frachtauto. De auto skeat it lân yn. Trije fan de fjouwer ynsittenden kamen mei de skrik frij, mar in 20-jierrige Peazemer rekke ferwûne.

De man moast troch de brânwacht út de auto helle wurde. Hy waard oerbrocht nei it sikehûs fan Dokkum.

Trefwurden: 
ûngelok ferwûne Peazens
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)