NL Alert ferstjoert test-sms

04 feb 2013 - 12:41

It earste berjocht fan NL Alert is yn Fryslân goed ferstjoerd. Dat seit direkteur Wim Kleinhuis fan Veiligheidsregio Fryslân. NL Alert is in alaarmsysteem fan de oerheid dat boargers ynformearret en warskôget by needsituaasjes, lykas in grutte brân, eksploasjegefaar of in oerstreaming. Yn it berjocht stiet wat minsken wol of net dwaan moatte.

Moandei gie it om in kontrôleberjocht om te sjen oft alles goed wurket. Noch lang net alle telefoans kinne gebrûk meitsje fan it alaarmsysteem, mar dat moat yn de takomst feroarje.

Nei moandei komme der noch twa oare testmominten wêze fan NL Alert op 6 maaie en 4 novimber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)