Yllegaal fjoerwurk yn Burgum

18 des 2011 - 14:36

Yn Burgum is in jonge (18) oanhâlden omdat er swier illegaal fjoerwurk hie. Surveillearende plysjes hearden sneontejûn op de Boarrgemaster Steenhuisenleane in lûde knal. De plysjes hiene al gau yn de gaten dat de jonge dêr ferantwurdlik foar wie.

By him thús joech er de plysje earst in doaze legaal fjoerwurk. Mar dêrnei kaam er ek noch mei in pear doazen swiere strikers op 'e lappen. De jonge is meinaam nei it buro. It fjoerwurk is yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)