GGZ-kliïnten stjoere brânbrief

Frysk GGZ platfoarm tweet © Omrop Fryslân
It Frysk Platfoarm GGZ-kliïnten hat in brânbrief oan de Twadde Keamer stjoerd. It platfoarm makket him soargen oer de begelieding fan minsken mei in beheining. Gemeenten wurde foar dy begelieding ferantwurdlik, mar binne dêr neffens it platfoarm net goed op taret. Sa hawwe se gjin minsken dy't beoardielje kinne oft ien begelieding nedich hat en watfoar begelieding dat wêze moat.
Neffens it Frysk Platfoarm GGZ-kliïnten wurdt de soarch ûndergeskikt makke oan jild en is de kwaliteit fan de soarch dêrtroch net langer garandearre.