Twa ferwûnen by ûngelok op A32

04 feb 2013 - 09:46

It ferkearsknooppunt by It Hearrenfean hat sneintejûn in skoft ôfset west fanwege in ferkearsûngelok. It gie om in iensidich ûngelok. In frou (32) út Deventer sloech mei de auto oer de kop, doe't se fan de A7 ôf de A32 opride woe. Sy bedarre mei de auto njonken de dyk, botste tsjin in lantearnepeal, sloech oer de kop en kaam ta stilstân op it dak. De frou rekke yn 'e auto beknypt en moast troch de brânwacht befrijd wurde.

De autodyk waard in skoft ôfset foar it ferkear. De frou is mei ferwûnings nei it sikehûs brocht.

In man (29) út Deventer, dy't by de frou yn de auto siet, rekke ek ferwûne. Ek hy waard nei it sikehûs brocht.

Trefwurden: 
ûngelok oer de kop A32
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)