Bobsliders teloarstellend 14e

De bobslydploech © Omrop Fryslân
Bobsliders Sybren Jansma en Jeroen Piek binne mei de fjouwermansbob as 14e enige op it WK bobslydzjen yn St. Moritz. It fjouwertal mei stjoerman Edwin van Calker en Yannick Greiner stie nei de earste dei op it 16e plak. Nei in sterke tredde run, wêryn't de Nederlânske bobbers in twadde tiid del wisten te setten, wist it fjouwertal twa plakjes te klimmen.
De Nederlânske bobsliders belibben in teloarstellend wrâldkampioenskip. Ferline jier einige it fjouwertal noch ferrassend op it fjirde plak by it WK yn Lake Placid.
De wrâldtitel gong nei de Dútser Maximilian Arndt, dy't de Rus Aleksander Zoebkov foar wist te bliuwen. It brûns wie foar de Amerikaan Steven Holcomb.