Drachtster oppakt mei speed

03 feb 2013 - 13:58

De plysje hat sneontenacht in Drachtster (22) oanhâlden mei drugs. De man waard by in kontrôle oanhâlden. Dat barde op de Splitting yn syn wenplak. By dy kontrôle die bliken dat de man ferskate pûdsjes mei speed by him hie.

De man is oanhâlden. De drugs is yn beslach nommen.

Trefwurden: 
Drachten drugs speed Splitting
(advertinsje)