Riedsleden OWB wolle bliuwe

03 feb 2013 - 12:37

De riedsleden Fred Rademaker fan Waskemar en Yp van der Veen fan Appelskea binne neffens eigen sizzen 'ferbjustere' dat it bestjoer fan Eaststellingwerfs Belang harren út de partij sette wol. It bestjoer makke dit beslút iepenbier yn in parseberjocht.

Neffens Rademaker en Van der Veen hannelet it bestjoer yn striid mei karbrief en regleminten. Se geane dêrom tsjin it beslút yn berop en se geane der boppedat ek fan út dat se noch hieltiten lid en riedslid binne fan Eaststellingwerfs Belang.

It bestjoer hat yn in brief oan de riedsleden in pear arguminten neamd foar it opsizzen fan it lidmaatskip. De riedsleden Rademaker en Van der Veen soene net funksjonearje yn de letter en de geast fan it fraksjereglemint, se soene it demokratysk begjinsel skeine en ek de ôfsprutsen riedsbydrage net betelle hawwe. Neffens Rademaker en Van der Veen binne dizze arguminten, as se al wier binne, gjin basis foar it opsizzen fan it lidmaatskip fan de partij.

As it bestjoer fan Eaststellingwerfs Belang fêsthâldt oan it beslút om Rademaker en Van der Veen bûten de partij te setten, dan gean dy twa troch mei in eigen fraksje, sa ferklearret Van der Veen. It Appelskeaster riedslid fynt ek dat Eaststellingwerfs Belang de ôfrûne tiid 'tefolle wetter by de wyn' dien hat yn fergeliking mei it eigen partijprogramma. Van der Veen is der net op út om it kolleezje fan Eaststellingwerf stroffelje te litten, mar sil 'fan gefal oant gefal' beoardielje oft hy it kolleezje wol of net stipet. Troch it spjalten fan Eaststellingwerfs Belang hat it kolleezje fan Eaststellingwerf no in hiele krappe mearderheid fan 11 fan de 21 riedssitten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)