'Gaswinning moat ophâlde'

03 feb 2013 - 10:38

De gaswinning ûnder it Waad moat fuort stillein wurde, omdat de gefolgen foar de natuer ûnbekend binne. Dat fynt de fraksje fan Friese Koers yn provinsjale steaten. Fraksjefoarsitter Jelle Hiemstra wol dat de provinsje easket dat der in nij ekstern ûndersyk komt nei de gefolgen. Hy fynt dat ferline wike dúdlik wurden is dat de rekkenmodellen fan de NAM net doge, no't tajûn wurdt dat der ierdbevingen foarkomme kinne mei in krêft fan 5 op de skaal fan Richter.

Hiemstra is benaud foar in dyktrochbraak en it frijkommen fan gefaarlike stoffen. De steatefraksje hat oer it ûnderwerp fragen steld oan it kolleezje fan deputearre steaten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)