Stappers diele klappen út
Twa Drachtsters fan 27 en 30 jier binne sneintemoarn betiid oppakt foar mishanneling. De 27-jierrige sloech sûnder oanlieding in stapper. In agint seach dat en hat de Drachtster fuort oanhâlden.
De 30-jierrige waard oppakt nei't hy yn in snackbar twa froulju slein hie. De man wie dronken en hie spul krigen mei de beide froulju.