Gasbuis sit carpoolplak dwers

In gaslieding sit de plannen foar in offisjeel carpoolplak oan de Hasker Utgongen yn Aldehaske dwers. De gemeente hie al 30.000 euro foar de oanlis útlutsen. Ek wie al in enkête hâlden ûnder de potinsjele brûkers fan it parkearplak.
No docht lykwols bliken dat op it plak dêr't de gemeente it carpoolplak hawwe woe, in gasûntluchtingslieding leit. It ferpleatsen dêrfan soe in djoere saak wurde. De gemeente hat ferskate alternative lokaasjes ûndersocht, mar dy binne allegearre net geskikt.
De gemeente hat dêrom besletten it plan mar hielendal te skrassen. It jild giet werom nei de algemiene reserve.