Nije mokselbanken yn Waadsee

In mokselbank op de Waadsee © Bruno Ens / Sovon Foto
Foar it earst sûnt 2005 binne der in soad nije mokselbanken kaam yn de Waadsee. Dat hat ûndersiker Bruno Ens snein sein yn it programma 'Vroege vogels' fan de VARA. Fral by It Amelân en Skiermûntseach wiene ein ferline jier in soad nije mokselbanken te finen.
Sa'n bank ûntstiet as de larven fan de moksel har massaal oan in sânplaat bine. Letter groeie dêr dan folwoeksen moksels út, dy't meielkoar in tichte bank foarmje. De lêste jierren is der in soad ûndersyk dien nei de mokselbanken.
Dat wurdt betelle mei jild fan de gaswinning ûnder it Waad. Lang net alle nije mokselbanken bliuwe bestean. In soad ferdwine yn de rin fan de winter en de maitiid. De ûndersikers wolle witte hoe't dat kin. It is noch de fraach oft de nije mokselbanken fuortspiele of dat se leechiten wurde troch fûgels.