Aris wint wer fan Grins
Aris Ljouwert hat foar de twadde kear dit seizoen de basketbalslach fan it Noarden wûn. GasTerra Flames Grins waard mei 84-74 ferslein. Healwei hie Grins yn it Kealledykje noch in foarsprong fan fiif punten: 34-39. Mei in moaie 'run' fan trettjin punten yn it tredde kwart lei Aris de basis foar de fertsjinne winst. Dat kwart waard wûn mei 25-13.
It team fan coach Erik Braal koe it makke ferskil goed fêsthâlde, ek it lêste kwart waard wûn: 25-22. David Michaels wie mei 23 de produktyfste Aris-spiler.