Leenstra wint 500 m. yn Grins

Marrit Leenstra is nasjonaal kampioene op de tûzen meter © ANP
Marrit Leenstra hat sneon de 500 meter wûn by de Gruno Bokaal yn Grins. De Wikelse ried 39.95. Dêrmei wie Leenstra de ienige ûnder de 40 tellen. It sulver wie foar Lotte van Beek, it brûns foar Jorien Voorhuis. Op de 3000 meter kaam Leenstra mei in tiid fan 4.22.25 net fierder as it fjirde plak. De winst gong nei Marije Joling, dy't 4.17.69 klokte. Lotte van Beek waard twadde yn 4.18.84 en Yvonne Nauta fan Twellingea tredde yn 4.22.20. Snein ride de froulju de 1500 meter. De bêste yn it klassemint oer 1500 en 3000 mei nei it WK yn Hamar.
By de manlju wie de winst op de 500 meter foar Koen Verweij (37.30). Dedjer Wymenga fan Feanwâlden wie de bêste Fries op it 4e plak (37.94). Verweij wûn ek de 5000 meter yn 6.40.35, foar Ted-Jan Bloemen (6.40.93) en Renz Rotteveel (6.41.63). Douwe de Vries waard sânde yn 6.47.13. Dat wie teloarstellend foar de langebaan- en maratonreedrider. Hy hie de wedstriden op de Weissensee rinne litten om nei in lange ferfelende rêchblessuere dochs noch wat fan it langebaanseizoen te meitsjen, mei yn de achterholle dielname oan it WK.
Snein ride de manlju ek de 1500 meter. De bêste twa oer it klassemint fan 1500 en 5000 meter meie nei it WK yn Hamar op 16 en 17 febrewaris.
Ireen Wüst, Linda de Vries en Diane Valkenburg binne troch har poadiumplakken by it EK al wis fan it WK. By de manlju jildt dat foar Sven Kramer en Jan Blokhuijsen.