Betide karbidsjitters bekeurd

© Omrop Fryslân
In tal jongeren yn Eanjum en Ternaard hat sneontejûn in bekeuring krigen, omdat se oan it karbidsjitten wiene. De plysje hie klachten fan ynwenners fan beide doarpen krigen. Dat wie reden om aksje te ûndernimmen.
De plysje hat ek in tal molkbussen yn beslach naam. Karbidsjitte mei allinne op âldjiersdei, meastentiids op troch de gemeente oanwiisde plakken.