Sluting fabryk klap foar Grou

02 feb 2013 - 16:30

De meiwurkers fan Halbertsma binne ferslein troch it nijs dat it palletfabryk de doarren slute sil. It wurk wurdt troch memmebedriuw de Faber Halbertsmagroep oerbrocht nei de festigings yn Assen, Hasselt en Espel.

De goed 70 meiwurkers yn Grou kinne mei oer nei ien fan dy festigings, mar se wienen leaver yn Grou bleaun. Dat jildt ek foar Wietse Venema, ek al giet hy yn maart mei pensjoen. Venema wurke 35 jier by Halbertsma. Dat it fabryk no tichtgiet docht him sear.

Trefwurden: 
Grou Halbertsma palletfabryk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)