Knegt en Breeuwsma yn finale

shorttrack, Daan Breeuwsma, Sjinkie Knegt © awfoto.nl
Shorttrackers Sjinkie Knegt en Daan Breeuwsma ha har sneon op de wrâldbekerwedstriden yn it Russyske Sotsji pleatst foar de finale op it ûnderdiel ploege-achterfolging. Knegt wist as slotrider yn de heale finale de lieding te nimmen en kaam as earste oer de streek.
De manljusploech mei Knegt, Breeuwsma, Freek van der Wart en Niels Kerstholt komt snein yn de finale yn aksje tsjin Ingelân, Sina en Ruslân.