Man past net goed op syn ezels
In 74-jierrige man út Jistrum is freed oanhâlden omdat hy syn twa ezels ferkomme liet. De plysje krige in melding en hat de ynspeksje fan de dierebeskerming dêrby ynskeakele. De beide bisten stiene yn in stik greide oan de Joereloane yn Eastermar en wiene tige meager.
Ien fan de ezels wie der sels sa min oan ta dat it bist ôfmakke wurde moast. De oare ezel koe behannele wurde. De eigener hat proses-ferbaal krigen.