Evakuaasje Ingelum giet goed

02 feb 2013 - 12:14

65 ynwenners fan 'e gemeente Menameradiel moatte sneon de hiele dei har hûs út. De Eksplosieven Opruimingsdienst Defensie EOD sil op de fleanbasis fiif bommen út de Twadde Wrâldoarloch opromje. 23 huzen sitte yn de gefaresône.

Ien fan de húshâldings dy't sneon fuort moat is de famylje Koopal. Se hawwe in pleats yn Ingelum en de famylje moat de kij en alle oare bisten in hiele dei efterlitte. Dat soarget wol foar wat spanning thús, sa seit Durkje Koopal. Neffens boargemaster Van Mourik ferrint de operaasje neffens skema.

De boargemaster hat goeie hope dat eltsenien om 17.00 oere wer nei hûs kin. De belutsen ynwenners wurde hjiroer ynformearre mei in sms-ke.

Trefwurden: 
bommen evakuaasje EOD Ingelum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)